Wij gebruiken cookies om het bezoek bij YouBeDo.com te verbeteren. Bezoek je onze websites, dan heb je de beste ervaring als je de cookies accepteert.

De rykdom fan it ferline

Taal: Onbekend
De rykdom fan it ferline
€ 32,50
wij doneren € 3,58
Levering in 1-2 werkdagen

Tot 12% naar een goed doel dat jij kiest
Samenvatting
Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe't hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op 'e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn 'e winter genôch te iten wie foar minsk en bist, en men der ek noch in sintsje fan oerhâlde koe foar de âlde dei. It ferskil mei hoe't it der hjoed-de-dei om en ta giet, is enoarm. Masines hawwe it wurk fan minsken en hynders oernommen, earmoede bestiet hast net mear, en benammen de ferhâlding tusken boer en wurknimmer is gâns oars wurden. In boer wie doe noch hearsker op eigen hiem en in arbeider wie yn syn eagen gauris neat wurdich. Feroaringen ten goede, soe men sizze, mar der is ek in bulte ferdwûn, wêr't de minsken no neat mear fan witte. Yn De rykdom fan it ferline komt in skala fan ûnderwerpen oan 'e oarder dy't it âlde boerelibben wer stal jouwe foar de minsken fan no. Yn geef Frysk en soms mei wurden dy't komselden mear brûkt wurde, sketst Politiek it rike boerelibben fan syn jeugd. Reinder Politiek hat mei nocht fyftich jier boer west. Neist it boerewurk hat er altyd ynteresse hân foar skiednis, benammen de skiednis fan syn doarp Kimswert. Al mear as 25 jier skriuwt hy ferhalen yn 'e doarpskrante, meast oer it ferline. Hy hat ferskillende boekjes útjûn oer it doarpslibben, û.o. in boekje mei âlde doarpsfoto's en in boek oer de Laurentiustsjerke fan Kimswert. Hy hat ferskate ekskursies laat rûnom en troch dizze fraaie âlde tsjerke. Politiek is in rasferteller en dat komt prachtich ta utering yn dit boek.
Productspecificaties
TaalOnbekend
BindwijzePaperback
Oorspronkelijke releasedatum09-11-2019
Aantal pagina’s257
HoofdauteurReinder Politiek
Hoofd uitgeverijElikser B.V. Uitgeverij
Editie1
Gewicht508 g
Product breedte167 mm
Product hoogte25 mm
Product lengte252 mm
EAN9789463651769
NUR948 - Landbouwgeschiedenis
Reviews

Er zijn nog geen reviews voor dit boek. Schrijf jij de eerste?

Service & contact
Heb je ons nodig?
We helpen je graag! Bel ons op 024-3779966 of stuur een mailtje.
Wil je ons volgen?
Aanmelden nieuwsbrief
YouBeDo
Heb lief, doe goed
Algemene voorwaarden | Privacy | Cookies
© 2007-2024 YouBeDo B.V.
Alle prijzen zijn inclusief BTW en andere heffingen en exclusief eventuele verzendkosten en servicekosten.